Diagram
- Afrikaans
- l`rby@
- Az@rbaycanca
- B'lgarski
- baaNlaa
- Catala
- Cestina
- Dansk
- Deutsch
- Ellenika
- English
- Esperanto
- Espanol
- Eesti
- frsy
- Suomi
- Francais
- Galego
- `bryt
- hindii
- Hayeren
- Magyar
- Bahasa Indonesia
- Ido
- Italiano
- Ri Ben Yu
- Kyrgyzcha
- K'azak'sha
- hangugeo
- Lietuviu
- Olyk marii
- Bahasa Melayu
- Nederlands
- Norsk nynorsk
- Norsk bokmal
- Polski
- Portugues
- Russkii
- Srpskohrvatski / srpskokhrvatski
- Simple English
- Slovenscina
- Shqip
- Srpski / srpski
- Svenska
- aithy
- Turkce
- Ukrayins'ka
- rdw
- O`zbekcha / uzbekcha
- Zhong Wen
- Min Nan Yu / Ban-lam-gi
- Betawi
In diagram (fan it Aldgrykske diagramma, diagramma) is in skematyske, grafyske werjefte fan in proses of fan in oantal grutheden en harren underlinge ferban.
Grunfoarmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op grun fan de foarm kinne njoggen diagrammen underskiede wurde:[1] Yn alfabetyske folchoarder binne dat:
- Bylddiagram
- In bylddiagram is in foarm fan in stefdiagram der 't de lingte fan de steven mei figuerkes oanjun wurdt.
- Blokdiagram
- In blokdiagram of flakdiagram is in skematyske foarstelling fan in systeem of in proses, der 't de wichtichste funksjes skematysk yn blokken oanjun binne.
- Kartogram
- In kartogram is in kaart dat de geografyske ferdieling fan in bepaald ferskynsel toant.
- Sirkeldiagram
- In sirkeldiagram of taartdiagram is in grafyk yn de foarm fan in sirkel, brukt om in ferdieling fan bepaalde gegevens op ienfaldige wize sjen te litten.
- Histogram
- In histogram of kolommendiagram is de grafyske werjefte fan de frekwinsjeferdieling fan yn klassen groepearre data, ofkomstich ut in kontinue kansferdieling. It toant kolommen mei oerflak ta grutte fan de (relative) frekwinsjes oprjochte boppe de klassen. In histogram jout in byld fan de kanstichtheid der 't de data fan ofkomstich binne.
- Linediagram
- In linediagram of linegrafyk jout yn de regel de untwikkeling fan in fariabele yn de tiid wer. Dit diagram wurdt faak brukt om sjen te litten hoe 't eat him yn de rin fan de tiid untwikkelt. In linediagram untstiet ut in kolommendiagram, troch de middens fan de opfolgjende steven mei elkoar te ferbinen.
- Spriedingsdiagram of puntenwolk
- In puntenwolk, of korrelaasje- of spriedingsdiagram is yn de statistyk de grafyske werjefte fan de gearhing tusken twa fariabelen yn in meardiminsjonale stekproef.
- Stefdiagram
- In stefdiagram is de grafyske werjefte fan de frekwinsjeferdieling fan data, ofkomstich ut in diskrete (kans)ferdieling. It toant steven mei in lytse breedte mei hichte gelyk oan de (relative) frekwinsjes oprjochte boppe de mooglike wearden.
- Stroomdiagram
- In stroomdiagram is in skematyske foarstelling fan in proses. Se wurde oer it generaal brukt om in proses makliker te fisualisearjen of om fouten yn it proses fine te kinnen.
Derneist besteane noch:
- Radardiagram
- In radardiagram, spindiagram of stjerdiagram is in twadiminsjonaal diagram mei trije of mear assen fanut in selde oarsprong, weryn meardere fariabelen kwantifisearre wurde.
- Strookdiagram
- In strookdiagram jout de ferdieling fan in grutheid wer yn de foarm fan in oerienkomstich ferdielde strook.
- Venndiagram
- In venndiagram is in grafyske represintaasje fan wiskundige samlingen en is neamd nei John Venn. Alderlei eigenskippen fan samlingen litte harren hjir goed mei illustrearje.
Trilineer diagram
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei in trilineer diagram kin men op in grafyske manier data werjaan dy 't ut trije underdielen bestaan. Dizze underdielen moatte mei inoar 100% foarmje. Der is bygelyks noait in suvere klaai-, san- of siltboaiem (silt is klaai fan fine sankerls). Ofhinklik fan de underlinge ferhaldings is der sprake fan in klaaiboaiem, in sanliemboaiem ensfh.
In dendrogram of beamdiagram is in diagram mei in beamstruktuer. Yn de ynformatika betreft it in hierargyske datastruktuer dy 't in bysunder gefal fan in 'graaf' is. Yn in beamstruktuer besteane gjin sirkelpaden en der is altiten mar ien paad fan de woartel nei in willekeurige knoop. At de struktuer skematysk tekene wurdt, docht se oan in beam tinken, fander de namme 'dendrogram'. In dendogram kin yn ferskate stannen tekene wurde: rjochtop, op syn kant of omkeard.
Dendrogrammen wurde under oare brukt om taksonomyske kennis mei te fisualisearjen of om sjen te litten hoe 't genen har klusterje yn biologysk en biogemysk undersyk. Dizze klusters wurde produsearre troch in klusteralgoritme (klusteranalyse). Yn in dendrogram wurdt de underlinge ferbannen fan de klusters werjun. It dendrogram jout bygelyks in byld fan de sibskippen tusken soarten.
Bekende foarbylden fan beamdiagrammen binne genealogyske stambeammen en de fylogenetyske stambeammen.
Fylogenetyske stambeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In fylogenetyske stambeam is yn de evolusjebiology in skema dat de evolusjonere skiednis fan in bepaalde groep besibbe soarten (of oare taxa) werjout. De ofstammingsrelaasjes sels wurde de fylogeny neamd. De beam lit it patroan sjen wermei 't de soarten fan in mienskiplike foaralder ofstamje. Yn sa 'n stambeam steane de noch besteande en ek de al utstoarne groepen.
In kladogram is in spesjaal type dendrogram dat brukt wurdt om de evolusjonere relaasjes tusken groepen fan organismen wer te jaan. Yn in kladogram wurde meastentiids allinnich noch libjende groepen opnomd en hat in spesjale berekkeningstechnyk op grun fan synapomorfyen. In kladogram hat grutte oerienkkomsten mei in fylogenetyske stambeam. In ferskil is fierders dat de tuken gjin nammen hawwe, en dat de beneamde groepen allinnich oan de uteinen fan de tuken steane.
Genealogyske stambeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Genealogyske stambeammen jouwe in histoarysk oersjoch fan de ofstamming fan persoanen of fan de neisieten yn bepaalde famyljes. Se wurde faak fan boppen nei underen lezen, en hawwe op in soad knopen ornaris echtpearen.
Stroomdiagram en beslissingsbeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In stroomdiagram of stroomskema, ek wol flowsheet of flowchart, is in skematyske foarstelling fan in proses. It wurdt oer it generaal brukt om in proses makliker te fisualisearjen, of om fouten yn it proses fine te kinnen. In beslissingsbeam of beslisbeam is in wittenskiplik model foar de werjefte fan de alternativen en karren yn in beslutfoarmingsproses, en is in technyk ut de besliskunde. De beslissingsbeam is in spesjaal soarte beamstruktuer. De beslissingsbeam wurdt yn de regel as skema werjun. Besibbe hjiroan is de beslissingstabel, weryn de beslutfoarmingsproblematyk yn tabelfoarm toand wurdt. In beslissingsbeam is in model foar de werjefte fan de alternativen en karmooglikheden yn in beslutfoarmingsproses, en is in technyk ut de besliskunde.
Binere sykbeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In binere sykbeam is in dichotome beam mei eigenskippen dy 't derfoar soargje dat in wearde gau fun wurde kin. Yn in binere sykbeam hat elke knoop maksimaal twa ferwizings nei in oare knoop. Fierders hat elke knoop yn de beam de eigenskip dat alle wearden yn de linker subbeam lytser of lyk binne as de wearde yn de knoop en alle wearden yn de rjochtersubbeam grutter of lyk as de wearde yn de knoop.
Yn flora's steane gauris determinaasjetabellen om planten op namme bringe te kinnen (identifisearje). Dizze tabellen kinne bestean ut in dichotome beam mei hieltyd kar ut twa underskiedene skaaimerken, mar ek wol in polytome beam, mei kar ut twa of mear underskiedene skaaimerken.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fekjes om taalpuzels yn te foljen wurde ek diagrammen neamd.
Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|